| Fryske Blog
Weblog oer nuveraardige en opfallende saken
14-05-12
14-03-12
Doel
Ek foar dizze weblog ha ik in jier lyn doelen stelt.
Ik mei altyd graach earne fan it nut ynsjen. Doelrjochte is effisjint.
Doelen moatte evaluearre wurde. Ek hjir sit ferskil yn, by ús op de oplieding moat de evaluaasje faaks langer wêze as de wei nei it doel ta. No sil dat wol in froulik trekje wêze. Evaluearje doch ik regelmjittich, mar wol doelrjochte! (=effisjint)
No moat ik bekenne dat ik dit Weblog noch net oan it evaluearjen west bin. Ja, oft de stikken wol 'pleatsber' binne. 'Grutte evaluaasje' komt fan't simmer wol.
Mar ferline wike murk ik dat minsken mei in oare reden op dit Weblog sjogge, as ik foar doel ha. Lit ik foarop stelle: Elkenien is wolkom hjer, sels minsken dy't je sa 1,2,3 net ferwachtsje op in ynternetblog.
Mar jo wolle it miskien net leauwe, der binne minsken dy't tinke dat ik se hjir neam. Dat ik skriuw oer de negative eigenskippen fan immen, oer manieren fan dwaan of oare dingen dy't my yrritearje.
Somtiiden soe ik neat leaver dwaan, mar dan komme jo hjir terjochte: It gefaar fan Bloggen.
It doel fan boppesteand skriuwsel? Tsja, wat soe it wêze...
Trefwurden:
Doel,
Fryske blog
27-02-12
Tiid foar nuchter sjongfestival
Justerjûn wie it Nasjonale sjongfestival, 6 nûmers dy't mooglik nei Azerbeidzjan ta mochten. Ien fan dy 6 dielnimmers wie nuchtere Fries, Tim Douwsma fan Wynjewâld. Spitigernôch giet der gjin Fries nei Azerbeidzjan, mar mei Indiaan Joan Franka har stam wer opsykje, dy't se dêr hopet te finen. No, neffens my passet se hielendal yn it rychje fan de ôfrûne jierren....
Dit binne de 6 nûmers fan it nasjonale sjongfestival, mei as winner Joan Franka - You and me.

Joan Franka - You and me
Pearl Jozefzoon - We can overcome
Tim Douwsma - Undercover Lover
Kim de Boer - Children of the world
Raffaela Paton - Chocolate
Ivan Peroti - Take me as I am
![]() |
| De Toppers - Shine |
![]() |
| Sieneke - Sjalalie Sjalala |
![]() |
| Joan Franka - You and Me |
Dit binne de 6 nûmers fan it nasjonale sjongfestival, mei as winner Joan Franka - You and me.

Joan Franka - You and me
Pearl Jozefzoon - We can overcome
Tim Douwsma - Undercover Lover
Kim de Boer - Children of the world
Raffaela Paton - Chocolate
Ivan Peroti - Take me as I am
Trefwurden:
Sjongfestival
12-02-12
Hinnaarderadiel tocht
Weryndieling of net, hjoed wie doarpsgemeente Littenseradiel foar 1 dei wis de allerlytste gemeente fan Fryslân. Freed wie al de Baarderadieltocht, hjoed wie de Hinnaarderadieltocht útskreaun.
It is yntusken alwer 28 jier lynt dat dy gemeente mei Baarderadiel opgien is ta Littenseradiel. De Hinnaarderadieltocht giet troch de 14 moaiste doarpkes fan Littenseradiel, dy't doe ûnder Hinnaarderadiel foelen, wêr ûnder fansels doarpke Rien.

Noch nea giene der mear minsken ûnder de brêge troch, dan der oerhinne. Mar leafst sa'n 2000 reedriders binne der hjoed krûpend ûnder troch gien. Bliuwt dochs fermaaklik om te sjen hoe't minsken in wei ûnder dy brêge troch fine. De iene tinkt der mei in gong ûnder troch te gean, oaren geane der al búkglydzjend ûnder troch. Yn dit earste gefal wie it wol ris de rêchsek dy't wat yn it paad sitten bleaun en it dêrtroch krekt like as sieten se oan in elastyk fêst.
Ek fan bûten ôf wiene der in protte dielnimmers. Dy koene jo der fuort en daliks út. Fansels oan de klean, as sille se in wike fuort te riden. Mar ek yn it praat sit ferskil. Freegje Friezen noch oft dy brêge net efkes iepen kinnen hie, komme 'minsken fan bûten ôf', dochs mei hiel oar praat;
'Hoh, dat hele Friesland ligt vol met hindernissen'
'Hé Frederik, ga je nu alweer op je knieën?'
Tsja...
It wie wat spitich fan it waar, juster wie it 10 kear moaier. Doe ha ik sels 2 kear it rûntsje fan de lytse Hinnaarderadieltocht dien om't se it hjoed oer min waar en drokte hiene.

En sis no sels, oan de ekonomy leit it yn Littenseradiel net.
It âld kafé hjir yn't doarp hat noch nea sokke goeie saken dien...

No freegje de amtners harren ôf mei wa Littenseradiel weryndiele moat. Littenseradiel bestiet al út 2 fusearre gemeenten en rint wat dat oangiet al fier foar. Sterker noch; 2 sélde soart gemeenten, doarpsgemeenten binne doe fusearre. Dêr kinne de plannen van frou Schokker noch in punt(!) oan soege.
En sis no sels, oan de ekonomy leit it yn Littenseradiel net.
It âld kafé hjir yn't doarp hat noch nea sokke goeie saken dien...
10-02-12
Kennis of Praktyk?
Sawat in moanne rêst op dizze blog. Kin fansels net..
Wêr't dat oan leit? Net oan it reedriderswaar, nee, oan de opleiding.Pabû Stenden.
Drokte is dêr altyd, mar no yn't bysûnder: yn koarte tiid wol 3 toetsen ôfwurkje nimt in hiel soad tiid. En om't protte minsken net witte hoe't der hjoed de dei toetst wurdt...
De measte toetsen besteane út 100(!) fragen. 100 mearkarfragen. De toets bestiet út alle fakken fan de ôfrûne perioade, dat elk fak sa'n 20 fragen. Jo leare sa'n 80% foar neat, der wurdt sa'n 20% frege fan de stof. Ik hear jo tinken, wat in prachtich systeem.
De antwurden earst ynfolje op in kladbledsje.. dan komt it aller moaiste: de SKRAPKAART! Dat is sa'n kaart wêrby jo alle rûntsjes op kleurje moatte, sa't de kompjûter it neisjen kin. De dosint net? Nee, dat is gjin dwaan no... en boppedat, dit giet sa'n stik sneller..
Foar't de útslach der is, gean der 2/3 wike oerhinne. Jo kinne nammentlik beswieren yntsjinje. In pracht fenomeen. Want, mei de antwurden op dat kladbledsje, kinne jo thús sels fia de toetskaai op ynternet neisjen hoe't jo 'm makke hawwe. Mar eins is dat toets 2. Want der binne minsken dy't flaters meitsje yn de toetskaai, dy't wy derút fiskje moatte. Oars hawwe jo aanst in antwurd ferkeard, wylst it goed hearde te wêzen.. Moaie ferhâlding no, perioade lang leare, toets sa goed mooglik meitsje en minimaal 6,7 helje, wylst de toetskaai fol sit mei flaters.
Snappe jo it noch? Jout neat, ik sels ek net..
Van Bijsterveldt mei dan mear kennis hawwe wolle, hie se better net sizze kint. Stenden nimt dat krékt wat te serieusk. Foarbyld: Fak Wrâldoriëntaasje.
Stúdzjestof: 2 boeken, 1 boek hoe't jo it ûnderwiize moatte op skoalle én 1 boek puur kennis op it gebied fan Wrâldoriëntaasje.
Wat bart der no? De earste 4 fragen gean oer it ûnderwiizen, de oare 16(!) gean oer kennis.
Tsja, en dan krije jo dit:
Hoe heet onze voorlaatste koude tijd?
a. Eemien
b. Weichselien
c. Saalien
Mar miene dat jo de basistoetsen oan it begjin fan it jier (taal, rekkenjen én de WO fakken) han hawwe.
Giet it no om kennis? Of om tapassing yn de praktyk?
Wêr't dat oan leit? Net oan it reedriderswaar, nee, oan de opleiding.
Drokte is dêr altyd, mar no yn't bysûnder: yn koarte tiid wol 3 toetsen ôfwurkje nimt in hiel soad tiid. En om't protte minsken net witte hoe't der hjoed de dei toetst wurdt...
De measte toetsen besteane út 100(!) fragen. 100 mearkarfragen. De toets bestiet út alle fakken fan de ôfrûne perioade, dat elk fak sa'n 20 fragen. Jo leare sa'n 80% foar neat, der wurdt sa'n 20% frege fan de stof. Ik hear jo tinken, wat in prachtich systeem.De antwurden earst ynfolje op in kladbledsje.. dan komt it aller moaiste: de SKRAPKAART! Dat is sa'n kaart wêrby jo alle rûntsjes op kleurje moatte, sa't de kompjûter it neisjen kin. De dosint net? Nee, dat is gjin dwaan no... en boppedat, dit giet sa'n stik sneller..
Foar't de útslach der is, gean der 2/3 wike oerhinne. Jo kinne nammentlik beswieren yntsjinje. In pracht fenomeen. Want, mei de antwurden op dat kladbledsje, kinne jo thús sels fia de toetskaai op ynternet neisjen hoe't jo 'm makke hawwe. Mar eins is dat toets 2. Want der binne minsken dy't flaters meitsje yn de toetskaai, dy't wy derút fiskje moatte. Oars hawwe jo aanst in antwurd ferkeard, wylst it goed hearde te wêzen.. Moaie ferhâlding no, perioade lang leare, toets sa goed mooglik meitsje en minimaal 6,7 helje, wylst de toetskaai fol sit mei flaters.
Snappe jo it noch? Jout neat, ik sels ek net..
Van Bijsterveldt mei dan mear kennis hawwe wolle, hie se better net sizze kint. Stenden nimt dat krékt wat te serieusk. Foarbyld: Fak Wrâldoriëntaasje.
Stúdzjestof: 2 boeken, 1 boek hoe't jo it ûnderwiize moatte op skoalle én 1 boek puur kennis op it gebied fan Wrâldoriëntaasje.
Wat bart der no? De earste 4 fragen gean oer it ûnderwiizen, de oare 16(!) gean oer kennis.
Tsja, en dan krije jo dit:Hoe heet onze voorlaatste koude tijd?
a. Eemien
b. Weichselien
c. Saalien
Mar miene dat jo de basistoetsen oan it begjin fan it jier (taal, rekkenjen én de WO fakken) han hawwe.
Giet it no om kennis? Of om tapassing yn de praktyk?
Trefwurden:
pabû,
Stenden Hegeskoalle,
Toetsing
03-02-12
Abonneren op:
Berichten (Atom)